Artikels Nijsmoune

Nijsmoune, winter 2018

tekst : Lys Visser

Gearkomste

“No, hjir kinne we dus neat mei. Ik hear it wol, hjir sjit ik neat mei op. Jim wítte dat net iens, ík wit folle mear, hoe kín dat no ? Wêr ha we Plaatselijk Belang dan foar ! Dat moatte jimme witte. En jimme moatte dêr wat oan dwaan ! Dêr binne jim foar !”

Sei de ynwenner fan ús moaie doarp, dy’t wol lulk wie mar gjin lid fan ús feriening.

We hienen in gast útnoege, foar dizze jûn; de konsulint fan Doarpswurk. We soenen it meielkoar ha oer ús doarp. Oer de noeden en soargen, de problemen en de mooglikheden. Oer ús winsken as doarp, wat we meielkoar wolle foar no en de takomst, en hoe’t we dat hannen en fuorten jaan kinne. Sadat it noflik wenjen bliuwt op de Tille, foar âld en jong.

Mar dat rûn even oars. We hearden dat in groepke ynwenners in probleem hie en dat mei ús beprate woe. Dat moat kinne, dat we seinen de gast ôf.

Dit ferhaal giet der eins net oer, mar ik wol it jo net ûnthâlde. Wat is der oan de hân ? Al by de bou fan it mfa Tillehûs is ús tasein dat der hûzen boud wurde meie op de lokaasje fan it âlde gymlokaal. Dat is bysûnder, want de provinsje wol eins dat der boud wurdt yn de gruttere kernen en net yn de gewoane doarpen. Boppedat moat it bestemmingsplan oanpast wurde, want der sit no gjin wenbestemming op. Mar as PBK ha we dit dus foarelkoar krige. Gelokkich, want der is ferlet fan wenningen en it is in moai plakje. Fanwege de krisis kaam it mar net fan de grûn, mar no is der in ûndernimmer dy’t it oandoart en mei in plan komt.

As PBK ha we der dus belang by dat der boud wurdt, net foar ússels, we wenje allegear nei’t sin, mar omdat der fraach nei is út it doarp. We fine it ek belangryk dat de minsken dy’t der ticht by wenje, yn dit gefal der tsjinoer, der ek in goed gefoel by ha. Dus, doe’t de ûndernimner -in part fan- de buert ynformearje woe, om te sjen oft der draachflak is, ha we dêr as PBK fan herte oan meiwurke.

We ha wol dúdlik steld dat net wý mar de ûndernimmer ferantwurdlik is foar it plan én foar de kommunikaasje nei de buert. As PBK wolle we bemiddelje, mar we binne gjin partij yn dizzen.

De ûndernimmer hie in moai plan, de buert wie der mei ynnom, dat it koe mar wurde. Ôpraat waard dat de ûndernimmer de buert op de hichte hâlde soe. En dêr gie it mis. Misbegryp fan de iene kant, ûnhandich manoeuvrearjen oan de oare kant en de rapen wiene gear. Dûm. En jo riede it al : it wie de skuld fan PBK! Want dat hienen se by de Gemeente ek sein :” as jim in probleem ha, dan gean jim mar nei Plaatselijk Belang, dy binne dêr foar !”

Der is praat, der binne opnij ôfspraken makke en we hoopje dat it no fierder goed giet . As de plannen hielendal klear binne, wurde se wer oan de buert en PBK presentearre.

Toch wol ik noch even werom komme op de wurden fan de lulke man. Dêr moatte we it blykber toch wer oer ha ; Wat is en moat Plaatselijk Belang eins ?

Bêste Minsken, as bestjoer fan P.B.K móatte we dus hie-len-dal neat !

We binne by net in minske yn tsjinst, nét by de Gemeente, nét by de bedriuwen, sels net by jo. Wát we ek dogge, we wurde der persoanlik net in sint better fan. We binne der ek net foar jo yndividuele belangen. Wurde jo persóanlik better fan ús ynset ? Moai. Sa net ? Oare kear better. As PBK ha we mar ien doel : opkomme foar de leefberens fan de ynwenners fan ús doarp en dat sa mooglik befoarderje. Dan ha we it dus oer it algemien belang. Dêr sette we ús as bestjoer fan herte foar yn. Net mear en net minder. En dat dogge we alhiel frijwillich. De leden fan de feriening foar Plaatselijk Belang Kootstertille bepale meielkoar de koers, as bestjoer lizze we oan har ferantwurding ôf, op de jiergearkomste.

Wat de persoan fan de Gemeente seit, kloppet dus net. Jawis, as der problemen binne yn it doarp en we kínne der wat yn betsjutte, dan dogge we dat graach, as bemiddelaar. Mar it hoecht net. De ambtenaren fan de Gemeente wurde der foar betelle. It is wol de trend, om alles safolle mooglik via de PB ’s te regeljen, mar it moat fansels gjin ôfskowen wurde. De gemeente bliuwt ferantwurdlik.

En nee, we binne net op de hichte fan -de details- fan alles wat der yn it doarp spilet. En dat wólle we ek net! Wês wizer ! We binne by hiel folle dingen dy’t mei it doarp te meitsjen ha belutsen. En as der oars wat is en we helpe kinne, hearre we it graach, mar mear ek net.

It begjin fan ús bestjoersgearkomste wie dus even wat rûzich. Mar toch ek wol wer moai . Minsken, al hoe ferskilkend ek, komme meielkoar op foar har saak . Wát in enerzjy! As we dat no ris ynsette koene, alle kearen as it om de dingen fan ús doarp giet. As we allegear krekt even fierder sjen wolle as ús eigen belang, as we al dy krêft en enerzjy meielkoar brûke soene foar it algemien belang… Dán, ja dán… wat soene we dán in protte moaie dingen foar it doarp klear krije kinne. Noch mear as no.

Om te begjinnen earst allegear mar ris lid wurde.

We ha as doarp ek noch in moaie presintaasje by van Assen hân. Mar dêr ha we it letter wol ris oer. De HAKO hâldt der mei op en toch komt Sinteklaas oan yn Koatstertille. Tanksei it jeugdwurk en de Stertil en PBK. We krije glêsvezel yn it doarp . En we sille yn oerlis oer de jachthaven en we meie it leefbaarheidsfonds wer ompartsje en …..ensafuort hinne. En de konsulint fan Doarpswurk? Dy komt de oare kear.

In protte frijwilligers sette har yn foar it doarp. As PBK hâlde we ús foaral dwaande mei de haadlinen, de bestjoerlike kant en it algemien belang. Net altyd sichtber, wol altyd drok. En sóms kinne jo der

Nijsmoune, simmer 2018

tekst : Lys Visser

De dingen fan de dei……

It wie in selekt selskip dat 23 april de dingen fan it doarp bespruts. Want dat is wat we op in jiergearkomste fan Plaatselijk Belang Kootstertille dogge : it bestjoer praat de leden by, leit ferantwurding ôf en meielkoar betinke we hoe’t we as doarp fierder wolle. As PBK binne we -hast- nergens baas oer, mar ha we wol ynspraak yn hielfolle saken dy’t ús as doarp oangeane. Frege en net frege joue we adfys of bemoeie we ús mei wat wy tinke dat belangryk is foar ús ynwenners. En dat giet soms hiel fier. Fan oerlis mei ambtners, riedsleden, burgemeester en wethâlders, steateleden, deputearren, direksje of meiwurkers fan bedriuwen, skoallen, ynstânsjes, oant ynsprekken by riedsgearkomsten, radioynterviews, tv opnames , gearkomsten bywenje, gearkomsten belizze, we hiene der dit jier bytiden sawat in deitaak oan.

Dit wie foaral it jier fan it ferset tsjin de mooglike komst fan in mega dongfergister op de Westkern. Oftewol it jier fan de BioNee.

Alderkrammelst wat ha we ús as doarp dêr drok om makke, wat ha we ús as bestjoer en wurkgroep it fjoer út de sloffen flein ! Mar, sa’t men soms yn rouadfertinsjes lêze kin :” Deze strijd was niet te winnen.” We ha meielkoar ôfpraat dat we net opjaan sille : as der noch wat te finen is om de boel út te stellen, sille we it oppakke. Mar we fechte mei bleate hannen tsjin miljoenen subsydzje. En we ha yn dizze, B&W absoluut net mei hân. De wethâlder hie betocht dat der in alternatieve lokaasje socht wurde moast, mar likegoed wol op de Westkern, en, sa die bliken dan kaam der, ûndanks ús soargen en beswieren ek noch in grutte ferbrâningsoven by. Oftewol : hoe serieus wurde jo as doarp naam? Hoe serieus nimme jo josels as B&W as hoeder fan de mienskip, dat jo mei soks oansetten komme doarre? !

It falt net ta om de moed der yn te hâlden as jo as doarp sa behannele wurde! Boppe it jierferslach fan PBK stie dit kear dan ek net in moaie útspraak om it jier te sketsen. Dit kear wie der mar ien wurd dat paste : ” Bah !”

It wie in hiel drok en roerich jier – jo ha it heard en oars kinne jo it hiele ferslach op ús webside lêze – en toch moast alles gewoan trochgean. It jeugdwurk draaide wer prima. It is net altyd like maklik, mar it is wol hiel tankber wurk.

Sake vd Meer wie dit jier fanwege syn funksje as riedslid en ús striid tsjin de fergister, ôftreden as foarsitter en salang adfiseur wurden. De skriuwster waard sadwaande ek foarsitter dit jier – en dat ha ik

witten !- Wol beneamden we in eigen, -tige betûfte die bliken- , foarsitter foar de wurkgroep BioNee, en dêr wie Andries Hovinga moai klear mei !

Gialt Dijkstra wie nei 8 jier ôftredend en waard tige betanke foar syn ynset. Jelmer Kooijker waard keazen as nij bestjoerslid. Alie vd Bosch, Jellie Koetje en ik wiene ôftredend en beskikber en waarden op e nij beneamd. En Sake vd Meer kaam werom as foarsitter.

De N369, de Koaten waard oanpakt dit jier en hiel feestlik iepene. Âld Koatstertille hâldt der prachtich foto – en eksposysje materiaal oan oer. De iisbaan krige in nij bestjoer.

Nei it skoft en it omfreegjen, hâlden we wer ús Tillepraat. Dan beprate we meielkoar wat we as doarp wolle. Wenningbou stiet heech op de agenda, en dêr wurdt ûndertusken oan wurke. Dhr Poelman út Harkema hat plannen om 10 wenningen te bouen op de lokaasje fan it âlde gymlokaal. Der is al in earste oerlis west mei de buert. Dy wienen tige posityf.

De leden betochten ek moaie plannen foar sport en rekreaasje en ús jubileum. We sille der as bestjoer mei oan de slach. Oer de dongfergister blykten we fierder útpraat. Ús gasten fan de polityk soene al útnaaie, mar we hienen foar har noch in eigen opdracht : in liet of gedicht meitsje oer de Tille. Stof genôch tochten we. En dat die bliken. De hearen eiden ús gearkomste oer en Tjibbe Brinkman ferwurde it sa :

De Tille in doarp fan 2500 man

docht nei de co fergister de gemeente yn de ban.

In ûntslútingswei net yn de Tille wol op it Fean

yn de Tille wurde sels skelpkes op fytspaden ferbean.

Alles nei ’t Fean en Bûtenpost en net nei ús

mar wy sitte wol yn in prachtich Tillehús!

Poffertsjes en ijsco’s foar alle bern gie nei de kloaten

mar gelokkich wol in kreaze nije Koaten.

De gemeente sit der alinnich foar harsels en wol de Tille net jaan

mar is it ús skuld fan de ôfkeurde iisbaan?

By de gemeentelike polityk is gjin ferwin

mar 12 man op in Plaatselijk Belang is ús net nei it sin.

Sjoch ris wat in moai doarp de Tille is

en hokker geweldige minsken hjir binne.

Mei de Tille is neat mis

sjoch wat positiever, mear nei de plus en net nei it minne

KOP OP KOATSTERTILLE !

En dêr moatte we it dan mar mei dwaan!

Lys Visser, skriuwster.