Wolkom op de webside fan Plaatselijk Belang Kootstertille.

Nijsmoune septimber 2022 

Bêste Minsken 

We belibje nuvere tiden: oarloch yn ús achtertún, minsken op ‘e doele, striid om it bestean fan boeren en fiskers, idioat hege prizen foar enerzjy, ynflaasje, djoere boadskippen en gjin minsken te krijen foar it wurk. En no is it noch simmer, wat stiet ús fan’t winter te wachtsjen ? 

En toch giet alles by ús noch safolle mooglik troch. Ja, der wiene, mei wat kreativiteit  sels moaie aktiviteiten, kadootsjes en meifallers foar it doarp te beheljen, dy’t we graach foar jo binnen hellen. Mar we meitsje ús as bestjoer fan PBK ek soargen : hoe komt it mei de Enerzjy koorperaasje ? Krije we nije kommisjeleden ? En fine we  minsken foar it nij op te setten jeugdwurk en it deistich bestjoer fan PBK ? De tiid begjint al te driuwen…. 

Enerzjyk Skûlenboarch : 

It is in hiel grut projekt, der moat in protte regele en betocht wurde. It bestjoer fan de enerzjy koorperaasje set stuch troch. Kinne wy lid bliuwe ? Binne der  Tilsters dy’t har ynsette wolle yn it bestjoer en de kommisjes ?  

Gaan we door met de energiecoorperatie of laten we deze kans lopen ? U bepaalt ! 

Gezocht : bestuurslid  en kommissie leden met affiniteit met energie (- transitie).  info en opgave bij Sake vd Meer 06 23250619 

Griene Tille : 

It projekt : “Natuerlik Ferskaat mei de Mienskip : Griene Tille” hat in pear sporen. Op dit stuit leit de klam op it ûntwikkeljen fan in Fruitboskje. Ûnder lieding fan Buurkracht is in groep enthousiaste minsken dêr mei dwaande. De plannen wurde hieltyd konkreter. Toch moat der noch fanalles regele wurde, want it hâldt net op as de fruitbeamkes plante binne. Dan begjint it krekt ! 

Het fruitbosje- plan groeit, het wordt steeds leuker. Steeds meer mensen doen mee. Ook zonder groene vingers ben je welkom ! Geef je op by Sophie  van Buurkracht : 06 11437631 

Der binne plannen om mei de âldere jeugd in hiele bysûndere aktiviteit te dwaan. Wát is noch even in ferrassing. Ik ferklap al wol dat Haitsma beton meiwurket. As…we tastemming krije fan de gemeente. We ha subsydzje foar dit projekt oanfrege en krige ! We neamden it:” Hofkesjonge mar dan oars “.  Ek de skoallebern wurde by it fruitboskje belutsen. Hoe en wat…oare kear mear ! It brûst fan de moaie ideeen. 

” Versterken van zelf- en samen redzaamheid ”  

Sa hyt de subsydzje dy’t it Ryk beskikber stelt hat om de ( emoasjonele)  gefolgen fan de corona te bestriden. Jo koene hjirfoar in oanfraach dwaan. As PBK ha we hjir yn gearwurking mei oaren foar ferskillende aktiviteiten in berop op dien. Sa is der jild oanfrege, en krige, om yn gearwurking mei frijwilligers, it Tilster Vangnet, en it Tillehûs it projekt “meielkoar iten sierde “ op te setten.  

Yn gearwurking mei it Vangnet en Fysio de Tille ha we subsydzje oanfrege en krige om in Koersbal set te keapjen. Koersbal is in sport dy’t binnen spile wurdt. It liket op jeu de boules, mar dan oars…Jo kinne de sport oan’t op hege leeftyd spylje. It kin ek sittend en fanút in rolstoel. Fysio de Tille sil it brûke by it oerke:” Meer bewegen voor ouderen.” It Tilster Vangnet kin it materiaal brûke. En as it oanslacht hoopje we dat der miskien wol in Koersbal klub komt, en dy mei it materiaal dan ek brûke. 

Hortus binnen hânberik : 

sa neamden we de oanfraach foar de subsydzje foar twa útstapkes nei de Kruidhof yn Bûtenpost, de Hortus fan Fryslân. In hiele bysûndere tún. It earste útstapke wie  yn gearwurking mei it Tilster Vangnet, foar dy Tilsters, dêr’t it jongste en fuchste ôf is. We waarden helle en brocht mei -rolstoel – taksi’s. Hilly Keidel skriuwt der oer. 

It twadde útstapke nei de Kruidhof giene we op ‘e fyts. Mei wer in rûnlieding troch in gids en kofje/ thee mei wat lekkers . Oft we it droech hâlden ha ? As jo dit lêze witte we it. 

Utdaging : 

We ha as bestjoer fan PBK wer net stil sitten, ek al wie it simmer.  It wurk foar it doarp giet eins altyd troch. As der sokke moaie ynstruiers binnen te heljen binne, is it fansels moai wurk, mar wol wer wúrk. Dat wol sizze it freget tiid en enerzjy, ynset en nocht en wille. Soms is ús frijwilligerswurk dreech, inkeld slim ynspannend, meast is it goed te dwaan. It is net altyd like sichtber, it risseltaat komt soms tiden -jierren-  letter en it is net fan it tankberste wurk. Mar, beste minsken, as jo in goede ploech ha is it prachtich wurk. Omdat it foar de mienskip is, foar it doarp ! We hoopje dan ek fan herte dat der nije bestjoerders fûn wurde  sadat Sake, Dineke en ik tiid krije foar oare saken!! 

Wie helpt onze belangen behartigen ? Wie durft aan de knoppen draaien ? Bestuur van Plaatselijk Belang Kootstertille : een prachtige uitdaging. Kom er bij !!  info en opgave bij Sake vd Meer 06 23250619 

út namme fan PBK, 

Lys